티스토리 수익 글 보기

티스토리 수익 글 보기

Deed – Nammeneamen-GjinOflaatWurk 4.0 Ynternasjonaal – Creative Commons Gean nei de ynhâld

Help us protect the commons. Make a tax deductible gift to fund our work. Donate today!

Nammeneamen-GjinOflaatWurk 4.0 Ynternasjonaal

CC BY-ND 4.0

Deed

Jo binne frij om:

  1. Ut te wikseljen — dit materiaal te kopiearjen en yn hokker medium of foarm ek opnij te fersprieden foar elk doel, sels kommersjeel.
  2. De lisinsjejouwer kin dizze tastimmingen net ynlûke salang’t jo oan ’e lisinsjebetingsten foldogge.

Under dizze betingsten:

  1. Nammeneamen — Jo moatte goed de namme fan de makker neame, in link nei de lisinsje jaan en úttsjutte oft der feroaringen makke binne. Jo meie dat op elke ridlike manier dwaan, mar net op in manier dy’t tinken docht dat de lisinsjejouwer jo wurk of jo brûken goedkart.
  2. GjinOflaatWurk — As jo fan it materiaal in ‘remix’ meitsje, it bewurkje of derop fieder bouwe, meie jo it feroare materiaal net ferspriede.
  3. Gjin oanfoljende beheiningen — Jo meie gjin juridyske betingsten of technologyske middels tapasse dy’t oaren juridysk behinderje om wat ek te dwaan dat de lisinsje tastiet.

Tink hjir om:

Jo hoege jo net oan de lisinsje te hâlden foar eleminten fan it materiaal dy’t diel útmeitsje fan it publike domein of as jo foarm fan brûken tastien is troch in tapaslike útsûndering of beheining yn ’e auteurswet.

Der wurde gjin garânsjes jûn. It is mooglik dat de lisinsje jo net alle brûkersrjochten jout dy’t needsaaklik binne foar jo brûkersdoel. Bygelyks kinne oare rjochten, lykas publisiteits-, privacy- of morele rjochten, begrinzgje hoe’t jo it materiaal brûke.

Notice

De akte stiet inkeld stil by guon fan de kearneigenskippen fan de feitlike lisinsje. Hy is gjin lisinsje en hat gjin juridyske wearde. Jo moatte sekuer alle betingsten en kondysjes fan de feitlike lisinsje neisjen foar’t jo it lisinsearre materiaal brûke.

Creative Commons is gjin advokatekantoar en biedt gjin juridyske tsjinsten. It fersprieden, sjen litten of ferwizen nei dizze akte of de lisinsje dy’t er gearfettet skept gjin advokaat-kliïntrelaasje of watfoar relaasje ek.

Creative Commons is the nonprofit behind the open licenses and other legal tools that allow creators to share their work. Our legal tools are free to use.

Footnotes

  • return to reference goed de namme fan de makker neame — Foarsafier bekend moatte jo de namme fan de skepper en auteursrjochthawwers jaan, in auteursrjochtneaming, it neamen fan jo lisinsje, in oanspraaklikheidsbeheining en in link nei it materiaal. CC-lisinsjes fan foar Ferzje 4.0 ferplichtsje jo ek om de titel fan it materiaal te jaan as dy bekend is, en kinne ek oare lytse ferskillen hawwe.
  • return to reference úttsjutte oft der feroaringen makke binne — Yn 4.0 moatte jo witte litte oft jo it materiaal wizige hawwe en in opjefte fan eardere wizigingen byhâlde. Yn 3.0 en eardere lisinsjeferzjes is de opjefte fan feroaringen allinnich fereaske as jo ôflaat wurk makke hawwe.
  • return to reference technologyske middels — De lisinsje ferbiedt it tapassen fan effektive technologyske middels, dy’t definiearre binne ûnder ferwizing nei kêst 11 fan it WIPO Auteursrjochtferdrach.
  • return to reference útsûndering of beheining — Oan de brûkersrjochten op grûn fan útsûnderingen en beheiningen yn de Auteurswet, lykas it sitaatrjocht, wurdt gjin ôfbrek dien troch de CC-lisinsjes.
  • return to reference publisiteits-, privacy- of morele rjochten — It is mooglik dat jo ferlet ha fan oanfoljende brûkersrjochten om it wurk te brûken sa’t jo wolle.